Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Winterpriis

Lyrysk Deiboek

Foar fol en noch yn folle gloarje
foer de griene Pan op mar en poel,
de hoop oan board, dus moarn noch better,
it kampioenskip as it heechste doel,
’t gie fan fiktoarje nei fiktoarje.

Fan heit op soan, it koe net better,
want tradysje spriek noch altyd mei,
hoewol’t it gie om de fiktoarje,
it ideaal dat op ’e rûte lei…
wat earder wie, gie net nei letter.

As ’t net mear giet, dan mar op stiennen,
dêr’t de griene Pan sylt mei in mêst
dy’t trochrint nei de pleister-winkel,
al lûkend, dat it Snitser skip rint bêst
en sil de winterpriis wol winne.

admin

Ik bin omdat ik swim

Lyrysk Deiboek

Is ’t in hy of is ’t in sy?
Men kin it oan de fear net sjen;
al binne beide wjukken spraat,
it is de ielgoes sels dy’t
him of har it bêste ken.

Is ’t in hy of is ’t in sy?
Men kin it oan it hier net sjen,
foar man of frou giet men net troch,
hoewol’t men swimmend trochbyt,
hjerstmis giet gjin dei ferlern.

Swimme troch it hiele jier,
sels winterdeis hat dat wol sin,
it leit grif oan in fjurrich aard
om kâldwei troch te trimmen
fan de teannen oant it kin.

’t Swimt rjocht op ’e finish ôf,
de peal is sa in hiele klim,
it is wol wis, it wurdt him net
dêrop de earms te drûgjen…
dus ‘ik bin omdat ik swim’.

* Fariaasje op Descartes:
‘Ik tink dus bin ik.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum