Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Freonen fan Baudet

Lyrysk Deiboek

Se binne freon fan Foarum
en fregen freonlik oan Baudet
oft dy in iepen each ha woe
foar har terras, foar klanten sletten,
in skande foar ’t dekoarum.

Baudet hie wol twa eagen,
acht sitten, mar ien each wie net
te sjen, syn sicht wie dus beheind,
berikte net de strange wetten
dy’t oer terrassen weagen.

Dus bêste freonen, jimme
gewicht feroaret net de wet
fan sletten bliuwt terras en kroech,
’t gesicht dat jim al earder setten,
stimt tsjin de measte stimmen. 

admin

Hoop

Lyrysk Deiboek

Se leine yn de rein op strjitte,
Habtamu de Hoop
en Christa Oosterbaan,
dochs litte sy de kiezer witte:
der is hoop.

Se geane foar emansipaasje,
froulju likegoed
as manlju, beide stean
garant foar heitelân en naasje,
’t liket goed.

Wa hat it oer diskriminaasje?
Beide, swart en wyt
berikke ’t hiele folk,
gjin bystânsmem is út ’e graasje,
sa’t faak bart.

Fuort mei de liberale goarre,
ego’s sûnder ein
dy’t foar harsels opslaan,
lit dat prinsipe mar fuortfarre
yn de rein.



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum