mei 27, 2021
Earst wie myn plak tichtby de sleat,
soms mei de poaten yn it wetter
om te stoarjen nei dêrûnder,
foar de mage fisk of kikkert,
mar myn kânsen binne keard.
No stean ik by de Houkesleat,
wat my foldocht de helte better,
om’t myn stân leit fier dêrboppe,
boppe wetter en de rikkers
dy’t ambysje ha foar neat…
… oars as de leechte fan it gea
om dêr in kikkert op te fretten,
fisken helje se net boppe
wetter, want dat docht de fisker
yn de stêd, net foar syn brea…
… mar foar de reager fan de stêd,
foar my dus, ik wurd net fergetten
as de freon mei fearren, ûnder
fiskers gean ik troch foar bikker…
op dit plak wurd ik wol sêd.
mei 24, 2021
It is ’t ferhaal fan elke maitiid,
fan de griene tint rûnom
dy’t tsjûget fan de hoop op groei
fan ynsjoch hoe’t der lykwicht
komme moat yn de natoer.
It minskdom hâldt fan konsumearjen,
hâldt dêrfan in protte oer
en lit it oer oan it miljeu
om op ’en doer dat op te
romjen, mar soks is net neat.
Dus sil it romjen soms mislearje,
’t sein stiet dan foargoed op read,
dat sjocht men mei ien eachopslach:
it blikje op in keale
tûke hat in lang bestean.
It is ’t ferhaal fan troch de jierren
hinne altyd derfoar gean
om lykwicht oan ’t miljeu te jaan,
dan sprute keale tûken
út, se springe fol yn bloei.