mei 17, 2021
It bylket like flak as earst,
doe’t froast de Kolk ta iisbaan makke
yn in wike as fan âlds,
elk hie de slach samar te pakken.
De motor sloech ek samar oan,
hoewol’t de maitiid it net meitsje
koe mei nachts noch ûnder nul,
elk woe al ier yn topfoarm reitsje.
De foarmen ljochtsje dûbel op,
sawol op ’t wetter as dêrboppe,
blakstil waar jout ’t spegelspul
in simmersk oansjen, sicht op toppen…
… fan nocht om nei de Kolk te gean,
nei’t froast in flakke iisbaan makke
hat, mar no om as fan âlds
kâldwei in koel glês bier te pakken.
mei 10, 2021
Wat is geweld en wat behearsking
fan it tal dat nei de hichte rint
of hearsket yn de man de jachtlust
sterker as it lykwicht dat net wint?
Se ha de opdracht om te hearskjen,
is ’t net oer de frou, dan oer it dier,
hear wêze is har lust en libben,
’t lykwicht is der inkeld foar de sier…
… of is it mear in kombinaasje
fan de jachtlust en in hompe fleis
yn lykwicht mei de populaasje
guozzen, alle dagen ûnderweis.
It is de fraach oer de ferhâlding
tusken ’t minskdom en de dierewrâld,
foar bisten de emansipaasje
of de macht dy’t net fan dieren hâldt?
Sjedêr, ’t geweld stiet ek op strjitte
as in teken; ’t leit dus foar de hân
dat minsken ûnderling ek klappen
telle, dêroer struie se dan sân.