april 26, 2021
It skaad kroep moannen oer de grûn
lykas in slang dy’t ûnferwachts
tabite kin om gif te spuitsjen…
wa of wat bliuwt dan noch sûn?
It minskdom hie gjin wjerstân mear,
it gif kroep fierder deis en nachts,
de mienskip koe nei ’t sjongen fluitsje,
’t poadium ferlear syn sfear.
Mar einlings krûpt it skaad werom,
de wite bloei brekt folop út,
de sinne kleuret it teater…
wa of wat bliuwt dan noch stom?
It minskdom sjongt wer op ’e toan
fan earder, want de mienskip slút
gjin minske út, fuort is de hater
fan wat komt op romte oan.
april 19, 2021
Hoefolle tearen ha ik al?
Ik bin al âld, mar hâld my goed
en bliuw noch jierren rjocht oerein,
want beammen stribje nei de hichte
mei tank oan poddestuollen by de foet.
Wy binne jong en stekke net
sa fier de kop en stâle út
de grûn, ha wol ferbining mei
de triedden fan in machtich netwurk,
dat mei de âlde beam kontrakten slút.
Wy fiere foar dy wetter oan
en fosfor, stikstof, sis dus mar
hoefolle, wy as liedings by
de fleet, wy litte dy net stikke…
dyn kost, dêr binne wy no ienkear foar.
Ik jou fansels ek wat werom,
as netwurk ha jim grut ferlet
fan fet en sûker om te dwaan
wêr’t jim op ’t lêst foar makke binne…
natuerlik is by ús de heechste wet.