Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Wachtsje op eksekúsje

Lyrysk Deiboek

Hy spile net de haadrol,
mar hie wol de âldste rjochten,
om’t er dêr al langer stie
as wat gebou ek yn de buert.

In byrol yn ’t teater,
mar dy eask koe hy net jilde
litte, om’t er woartels hie…
stânfêstich stie er op syn plak.

Syn tûken liet er hingje
om te swypkjen op ’e twirren,
wat syn eigen keunstke wie,
’t kaam foar de haadrol yn it plak.

In krús kriich hy as teken,
wat er as wurdearring tsjutte
foar wat hy prestearre hie,
’t kaam lykwols del op… út ’e buert.

Noch wiken  moast er wachtsje
op ’t befel fan eksekúsje,
op it poadium in die
dy’t foar ’t publyk de spanning bringt.

admin

Grienedyk yn de mist

Lyrysk Deiboek

De Grienedyk, al iuwen âld,
hat eartiids hege weagen keard
en alle soarten waar trochstien,
wie oan de minsken trou as maat,
mar hoe’t it komt mei it klimaat?

De moarn begûn mei tichte mist,
sadat it sicht beheind wie op
de dyk, dy’t eage minder grien,
wat tsjin de namme, ek tsjin ’t aard
is… hoe’t it komt mei it klimaat?

Mar witer as de mist wie ’t krûd,
dat fluite oer de moaie dei,
as hie de dize net bestien:
de Grienedyk stiet op ’e kaart
as warber foar in goed klimaat.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum