mei 27, 2024
Swarte hearskers op ’e peallen,
mei elkoar ha jim de macht
yn de loft en op it wetter,
ek dêrûnder foar de jacht
op wa’t sa gau net flechtsje kin,
skerp binne eachopslach en snaffel.
Jimme skite op ’e peallen,
wearden ha foar jim gjin sin,
driften dogge ’t folle better,
dy’t har rjochtsje op gewin
op kosten fan dy’t stadich swimt,
wreed binne jimme slach en snaffel.
Sa ferrûn de evolúsje,
’t foargeslacht naam dêroan diel
mei ’t gefolch dat jimme letter
ha mei rjocht in wrede siel,
dy’t oanset ta wat hat foar jim
wol sin: de jacht op iel en fisken.
mei 20, 2024
Sy stiene hjoed yn fjoer en flam
meidat de geast har fierder dreau
as Ljouwert út en dan nei Snits,
want alve siet djip yn it brein,
fan stêd nei stêd gie yn in flits.
Sy hearre ta in sterke stam
dy’t yn in knallend tempo leaut
en ûnderweis gjin stimpel mist,
de geast sleept har lûd gûnzjend mei,
oertsjûget elk derfan: dit is ’t!
Sy ha hjoed tsjûge fan de flam
dy’t lôget yn ’t gefoelich hert
by alle alve stêden lâns,
apostels fan de pinksterdei,
de geast hâldt harren yn balâns.