augustus 21, 2021
fan Jesaja*
De Heare hat no dit te sizzen,
Hy dy’t Jakob skepen hat
en stal jûn hat oan Israel:
Loskocht ha Ik hiel myn folk,
dat by de namme neamd is,
sit net yn noed, want it is wis
datst wer yn tel bist.
Al moatsto roch it djipste wetter,
troch rivieren hinne, Ik
bin by dy, fuortspield wurdsto net;
ek al giesto troch it fjoer,
de flammen sille dy net
ferskroeie, troch de Hear wurdst ret,
omdatst yn tel bist.
As lospriis jou Ik trije lannen
dy’t dyn plak ynnimme, want
do bist it wurdich, Israel;
út it easten komme wer
dyn bern, it westen, noarden
en ek it suden litte sjen
datsto yn tel bist.
* Yllustraasje ‘Troch it wetter’
Yllustraasje ‘Troch it fjoer’
augustus 16, 2021
fan Afro-Foto’s S. Heemstra*
Ik sjoch him noch as jonge,
lytser as de measten yn de klas
en stiller ek, gjin rappe prater,
hy sloech der net op los.
Him hear ik net mear sjongen,
want syn stim gie ûnder yn ’t ferhaal
fan maten dy’t wat lûder praten,
dochs wie hy muzikaal.
Ik sjoch him as in jonge
kreatyf syn eigen paden gean,
’t kaam oan op djippe resultaten,
hy boarre nei de kearn.
Hy stiek net mei syn tonge,
sloech ek net de oaren nei de grûn,
koe goed oerwei mei al syn maten,
sêftmoedich seach er rûn.
Ik lies net oer in jonge,
wol oer Auke Jan, noch net sa âld,
de stilte foel, hy wie gjin prater,
fan ’t ôfskie waard ik kâld.
* Foto ‘Groep 1978/1979’