augustus 30, 2021
Miskien hat hy it noch besocht,
fertrouwend op syn skerpe neilen,
dêr’t er rap mei troch de modder groef,
mar ’t asfalt fan de Grienedyk
hat foar de mol gjin útkomst brocht.
De namme fan de dyk klonk grien,
wat brocht him sa heech yn betizing
dat er blynwei oer it asfalt stiek
mei as gefolch de klap ta lyk…
wat hat er dêrfoar noch ferstien?
Gjin stappen út ’e fierte wei,
want dêrfoar hie de klap al klonken;
swijend stie ik by syn libben stil,
oan ’t ‘in memoriam’ gelyk,
ik wynde my dêr net foarwei.
Him lizze litte koe ik net;
hoewol’t de Grienedyk klonk griener
as it swarte asfalt hawwe woe,
lei ik de mol yn ’t gers, myn blyk
fan piëteit wie net te let.
augustus 23, 2021
Watfoar gefoel him pleaget
no’t de nekke yn de fearren leit,
kin nimmen noch bedjipje;
mei in lege mage stiet er heech,
wat neat oer syn emoasje seit.
Hy stiet net op it stellen
fan de aaien út ’e lege koer,
te let is hy ek foar de
piken, wat syn grutskens nochal heech
sit, boppedat wiist neat op foer…
… dat foar ’t gefoel goed eaget,
gaadlik foar syn lege mage is,
fan deade fisk kin hy wol
koarje, hat fan ’t sicht de mage fol,
gefoelens meitsje him ûnwis.