Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Sinnekrêft

Lyrysk Deiboek

Watfoar krêften hjir ek spylje,
slacht de kroan foar master op
om yn de hiele wrâld te hearskjen,
diktatuer dy’t tsjin de frijheid striidt,
ferwachtsje dan in oare tiid.

As de dize nei it tsjuster
hingjen bliuwt, gjin útsicht op
de himel jout, oer ’t minskdom hearsket,
sa dat men net mear foar frijheid striidt,
ferwachtsje dan in oare tiid.

Ha fertrouwen yn freon sinne,
dy brekt troch en rêdt it op
om hiel de wrâld yn ’t ljocht te setten,
dat yn stroom feroaret, wiid en siid
ferwachtet men in oare tiid.

Watfoar krêften hjir ek binne,
lit de kearnkrêft leaver op
de sinne bliuwe, dy’t ferljochtet
mei syn strielen Lankhorsts sinnepark,
yn plak fan tou paniele-ark.

admin

Boargeroarloch yn Sina

Lyrysk Deiboek

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Chang Tso Lin koe amper lêze,
gie leaver mei ’t gewear op jacht,
hie ek gjin nocht oan skriuwen,
fiskjen hie him yn de macht,
mocht graach yn Mantsjoerije wêze.

Chang Tso Lin woe dit wol witte,
wist ek wol te kommen oan
de macht en dat te bliuwen,
wat foldie de kriichshear skoan,
yn Peking hat er jierren sitten.

Tjiang Kai-Sjek mocht dat net lije,
syn stribjen wie in nasjonaal
belied, de macht ferdriuwe
fan de kriichshear, dy syn taal
mocht gjin gehoar yn Sina krije.

Tjiang Kai-Sjek woe Mao slite,
want kommunisten pasten net
by nasjonale liuwen;
Mao skreau syn eigen wet,
hat Sina op ien steapel smiten.

* Foto ‘Chang Tso Lin’
** Foto ‘Mao Zedong’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum