augustus 2, 2021
Mei iepen earen nei de wrâld,
sa krûpt de kwartel út ’e dop,
benijd nei wat it libben bringe sil…
wa hat it oer in dove kwartel
as in nij begjin sprekt op?
Foar achttjin kleuret read de wrâld
fan waarmte, wetter, fjoer en mei
elkoar de romte diele, want it tilt
op fan beweging oeral hinne,
elke kwartel giet syn wei.
Dy wei bliuwt yn de lytse wrâld
beheind ta wat in rommer hok:
kultuer jout dizze kwartels net de wil
om folle fierder te ferkennen
as it hok… beheind gelok?
juli 26, 2021
Der is in grut ferskil yn streek,
dy fan de dyk en fan it reid:
horizontaal en fertikaal,
keunstmjittich en natuerlik,
ferskil yn feilichheid.
De wite streek rint streekrjocht troch,
it teken fan hjir hâldt it op
mei wat natoer te bieden hat,
it asfalt is keunstmjittich
en kostet soms de kop.
De mem stiet tûzen noeden út,
de heit wat minder, him is ’t oer
dat bern fersteane net de taal
fan streekrjocht komme yn gefaar…
grutbringe is in toer.