Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Transformaasje

Lyrysk Deiboek


It wie in stipke op ’e kym,
dat loek de eagen samar oan
of kaam it troch de dei fan juster?
Noch skrynt foar mannichien dy strym.

De earen heinden ’t motorlûd,
fan boppen dreunde ’t samar oan
of kaam it troch it byld fan juster?
Noch taast dat barren yn it moed.

It stipke op ’e kym fertelt
wat dûbel barde op dy dei
as wie it noch de dei fan juster,
de eagen stiene lang fersteld.

De tuorren steane noch oerein,
dêrboppe riist in wite wolk,
dy’t fol is mei de rook fan kofje,
it byld feroaret troch it brein.

admin

Stedske opwurdearring

Lyrysk Deiboek


De Grienedyk, de dyk fan earder,
kin net langer tsjinje foar it sicht
op greiden en de Houkesleat;
de iuwen troch die hy syn plicht,
hat trou it hege wetter keard.

Mar letter is er transformearre
ta de dyk foar skonken en de fyts
om te genietsjen fan it gea;
foar weinen is er fierste lyts
en yn ’t noardeasten rint er dea.

Sjedêr de dyk wurdt opwurdearre,
dat gjin fytser hat mear ’t romme sicht
oer greiden en de Houkesleat,
mar bliuwt er ek foar weinen ticht
of wurdt gjin auto langer keard?

De Grienedyk, de dyk fan earder,
krijt de opwurdearring yn de stêd,
hjit wolkom ’t stadichoan-ferkear,
it giet mei weinen fierste rêd,
dy wurde letter ek wer keard.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum