Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

In memoriam Klaas Nicolai

Lyrysk Deiboek

As jonkje hie er fan de bôge heard
dy’t Noäch oan de himel seach
neidat de arke wer op ’t drûge stie,
de rêding fan it nije libben…
hie er doe syn arke al op ’t each?

Miskien in klompskip yn de Baarder feart,
dat fêstsiet oan in lang stik tou
en dêr’t oan ’t roer in boartersbistke stie,
mar Noäch liet er grif dêrbûten…
letter makke er syn arke ôf.

De pream mei opbou, noch yn âlde steat,
in wenning foar in goede priis
yn jild, mar mear noch foar it heechste lok
foar minsken fan it nije libben…
stoarm noch floed brocht harren fan de wiis.

Nei jierren fûn in transformaasje plak,
de oergong nei it romme sicht
oer grûn en wetter by de Snitser mar
foar har genot fan ’t frije libben…
Jierren letter die er wer syn plicht.

Doe’t sy it sicht ferlear op it bestean,
hat hy foar har de rjochting wiisd
fan arke nei sân heech en wer werom,
hy soarge foar in gaadlik libben…
rekke sels dêryn noch net fertiisd.

Fan ’t Potten-wetter nei de ‘Waterman’,
omdat syn geast gjin sicht mear hie
op Noächs arke op ’e fêste grûn,
hy koe it sels net langer rêde…
mei syn eigen arke briek de trie.

admin

Jong sûnder kop

Lyrysk Deiboek


Se binne jong en wolle wat,
earst rinne oer it skulpepaad,
dêrnei de rjochterwjuk útslaan,
rap folge troch de linker,
’t is mei skreauwen net te dwaan.

Dochs falt it fleanen noch net ta
mei rjochts of links, it leit yn ’t aard
de eigen slach it rjocht te jaan
de hichte yn te wjukjen,
’t is mei skreauwen net te dwaan.

Mar komme sy op ’t paad wer del,
dan slacht de wurgens samar ta
en sil de foks syn slaggen slaan:
by trije jongen byt er
ta, ’t bart sûnder lûd te jaan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum