oktober 4, 2021
Hoe sil it komme
as in skûtsje heger sylt
as op fertroude weagen?
It risiko is nommen.
It moast wol barre
dat dit skûtsje weijûn waard
en yn fertroude hannen
kaam sûnder wer te farren.
It kaam troch wille
fan it Earnewâldster folk
mei hûndert gouden hannen,
sy koene ’t skûtsje tille.
It wurdt bewarre
by ’t museum foar it folk
dat mei ferhearde eagen
sjocht hoe’t de skippers garren…
… om mei te silen
yn de striid om it bestean
mei ’t risiko foar eagen
de delgong mei te fielen.
It is goed kommen,
want de ‘Risico’ leit fêst
te blinken yn de sinne…
stek op de skipperstomme!
september 27, 2021
Grien-read, de kleuren fan de trochgong
foar de skippen yn ’t PM-kanaal
om troch te farren nei de haven,
soms hat ien in oar ferhaal:
‘Ik ha ferlet om oan te lizzen
foar de nacht yn myn PM-kanaal,
it grien lit frije tagong witte,
ik ferstean de kleure-taal.
Dus hise ik de Fryske flagge
mei de pompeblêden yn it read,
ik ha mei blau-wyt frjemde streken…
is myn oanlis sa ferkeard?
Ik hear net yn de stille haven
fol mei grize boaten board oan board,
’k lis leaver oan by myn prinsesse…
bin ik dêrom idioat?
Ik ha neat mei de wetterplysje,
mear mei favoryt Prinses Margriet
kanaal, dat sil my altyd boeie…
myn ferhaal woe ’k efkes kwyt.’