mei 6, 2024
Der wiene noch gjin drones
dy’t bommen falle litte
dat gjin stien mear sitten bliuwt,
wat minskehannen meitsje,
komt mei ien klap del,
mar sy ha doe wol switten.
Swier is in monolyt,
noch swierder as de bommen
dy’t ferniele alles wat
de minskehannen meitsje,
dy’t losreitsje fan
de lichems dy’t delkomme.
De lichems fan de lju
dy’t krom stien ha fan ’t lûken
oan de swiere monolyt,
ha troch de tiden hinne
libje litten wat
der skreaun is yn de boeken.
april 29, 2024
Kin men de driging noch ferneare
dy’t swier hinget as in flok
foar ’t folk dat gjin skuld hat
oan hiel it wrâldske barren,
oanset troch de hege hearen
boppe alle leed ferheven?
Dat folk sil net yn ’t tsjuster bliuwe,
bûge foar it neare lot,
mar stride foar wat hat
noch takomst foar de ierde,
iuwen oan ’t ferline riuwe,
hjoed moat sa’n feroaring heve.
Dan sil it lânskip grien opljochtsje
fan hoop op mear gelok
as wat de flok jûn hat,
dan sil it wrâldske barren
him net op ’e hearen rjochtsje,
mar it is mei ’t folk ferweve.