Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Sjongend skouspul

Lyrysk Deiboek

It barde yn de iere moarn
dat ik dy beide rêgen seach
en peddels dy’t net mear beweegden,
dit skouspul spriek my oan.

It driuwen rôp de stilte op
mei fan de karrekyt yn ’t reid
it liet dat krekt past by syn namme,
dêrby de koekoeksrop.

It skouspul song mei it duet
foar ’t bern op flústerjende toan:
‘Lit ús sa troch de moarntiid glide,
want moaier is der net!’

Ik fielde mei dy beide mei
en stimde yn mei ’t fûgelliet,
wylst mem en dochter fierder dreauwen,
de ein wie dêr fan wei.


admin

Empire State Building

Lyrysk Deiboek

fan ûnbekend*

It barde yn de jierren tritich
dat de heechmoed riisde nei de top,
hoewol’t de finansjele delgong
djip bûge liet de earme kop.

‘Lit ús de wolken hjoed beklauwe,
want de wolkeklauwer hat berikt
de top fan ús fertsjinne opgong,
wa’t yn de djipte bliuwt, dy stikt.’

Se sûzen mei de lift nei boppen,
klimme siet net yn har keale aard,
matearje hie net folle djipgong,
oerflakkich libje joech ek baat.

De hichte joech in wrâldwiid útsicht
oer it wrâldryk dat gjin grinzen koe;
de fraach bleau oer: wêr wie de yngong
foar ’t folk dat foar har wurkje soe?

Se koene ’t langer net beklauwe,
dat de wolkeklauwer bleau heal leech;
mei bûgde holle nei de útgong
wie foar de wolkeskrabbers dreech.

* Foto ‘Empire State Building’ 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum