november 8, 2021
De ierde leit noch yn it tsjuster
sûnder wei om oer te gean
nei wêr’t wy earder wiene:
oeral yn de romte stean…
wa is it paad net bjuster?
De hege himel wol gjin tsjûge
wêze fan wat mei ús bart,
wêr’t wy no noch foar steane,
want de takomst liket swart…
wa moat net djipper bûge?
Sjedêr, ynienen komt der boppe
’t ierdske oan de himel ljocht
en wêr’t wy earder stiene,
komme wy wer ta ús rjocht…
wa soe dêr net oer roppe?
november 1, 2021
Se litte los as wie ’t foargoed
dat alle hoop ferfleane soe,
gjin sicht der wie op ’t paad
dat nei de takomst rint…
as bleau it by hol klinkend praat.
Se prate der al jierren oer
mei wurden yn in hege flecht
dy’t misse ’t krekte paad
fan aksje dy’t goed rint…
it giet no ienkear om ’t klimaat.
Sjedêr de lêste dy’t noch bloeit,
in wite tusken ’t grien fan hoop…
slacht men op him regaad?
Sjoch hoe’t it sicht it wint
fan inkeld praat oer it klimaat.