november 18, 2021
Der is gjin plak om links foarby,
wylst dêr de romte wêze moat
fanwege it klimaatbelied,
dat hinget yn de tsjokke mist,
wat docht de wrâld tekoart.
Wol wiist de swarte pylk de wei
fan jierrenlang it misbelied
fan liberale polityk,
dy’t foar ’t klimaat de eagen sleat,
lykas it wrâldwiid giet.
Gjin aksje, aksje, aksje fan
in blauwe neoliberaal
dy’t liigde om lang oan de macht
te bliuwen; hingjend yn de mist
jout hy in min sinjaal.
november 13, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Yn swym leisto op strjitte,
dronken troch de grime fan de Hear,
want dronken hasto út syn beker
oant dy leech wie oant de lêste drip.
Dyn soannen litte ’t sitte,
want sy lizze lykas do yn swym,
beskonken fan de Hear syn grime,
net in soan dy’t dy de hân tastekt.
Wurd dêrom wekker, wekker
wurde, riis oerein, Jeruzalem,
do hoechst tenei net mear te drinken
út ’e tsjelk fan syn grammoedichheid.
It smakke dy net lekker,
dus ferdrukkers, dronken wurde jim,
dy’t stampend oer dy hinne wâden,
lykas wie dyn rêch in stripe grûn.
* Yllustraasje ‘Tsjelk’