Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Rige

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se ha it miel wer jûn,
it jaar befrijd fan lêst
dy’t oars gjin romte fûn
as yn de tank, wol bêst
genôch, want no’t it bern
gjin lêst mear jout oan ’t hert
fan mem, hat sy ferlern
’t gefoel en is se set
yn ’t ramt fan sirkelgong
fan stâl nei greide, gers
as fretten, kôgje, dong
foar groei en dan de rêst,
wjerkôgje, fjouwer kear
in mage yn, wol bêst
genôch, der is net mear
as sirkelje, hoewol…

se stelle harren op,
want jaren rinne fol,
in rige, kont oan kop.

Image

admin

Ballade fan it klopjend hert

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wêr kloppe yn dit lân it hert
dat soarge foar it steamend bloed
troch ieren fan de stêd
of wat dêrbûten lei?
It krekte antwurd komt noch net,
mar wit wat de ballade seit.

It wite bloed fan ’t plattelân
dat streamde nei de kelder ta,
bestjurre troch de hân
fan froulju oant it tsiis
en bûter waard en mei ferstân
betocht de boer de krekte priis.

Image

It blauwe bloed fan wat doe stêd
waard, streamde nei de holle ta,
betocht hoe’t op it mêd
fan oansjen, jild en macht
gjin minske waard yn ’t libben sêd,
wat liede moast ta preal en pracht.

De boer teach mei it giele goud
nei Snits en lade by de Waach
syn suvel út, wylst skout
en rakkers seagen ta
dat alle hannel wie fertroud
en nimmen soe tefolle ha.

Mar yn dy tiid al streamde ’t jild
op hertslach fan de hegerein,
dy’t stân en skatten tilt
nei hichten sûnder ein,
mar sjoch de boer yn ’t flakke fjild,
hy wrotte troch yn wyn en rein.

Sa tusken tsjerke en de Waach
ferriisden stinzen by de rûs:
út it Van Waltalaach
en Van Burmania,
mar sjoch, de boer dy woe noch graach
syn suvel op ‘e skealjes ha.

Image

De Snitser stinzeboargerij
wie thús yn tsjerke en stedhûs
en boude wer opnij
noch hegerop, mar sjoch,
de boer fersoarge trou syn kij
en bodde alle dagen troch.

Wêr kloppe yn dit lân it hert
dat soarge foar it streamend bloed
troch ieren fan de stêd
of wat dêrbûten lei?
Wit dat it antwurd ier of let
foar earm of ryk de wierheid seit.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum