november 29, 2021
Men kin him noch gjin puber neame,
want dan naam er ôfstân fan syn heit,
dy’t him it fleanen leard hie:
‘Hichte hâlde, ek as ’t hurder waait
as seis Beaufort en hâld dyn snaffel!’
It gie net sûnder slach op wjukken
of in stjit by ’t reitsjen fan de grûn,
hy moast as bern earst wenne
foar’t er yn de loft it lykwicht fûn,
wylst heit net hold syn eigen snaffel.
As bern hold hy syn snaffel iepen
as it oankaam op it deistich miel,
hy koe him dan wol hâlde,
want hy kriich in evenredich diel
noch sûnder puberale ôfstân.
november 22, 2021
Hynders litte spoaren achter
lykas nachtfroast op ’e grûn,
sels yn de maitiid yn de stêd,
dêr’t hynders selden komme,
mar sjoch it grutte hoefblêd.
Rym of ryp, dat wite rimet
net mei wat foar blommen sûn
is en wat men ferwachtsje mei:
de maitiid dy’t al kommen
is, mar noch net op moandei.
Lit de eagen heger glide,
want it is net op ’e grûn
te finen wat de maitiid rêdt:
is ’t ûnder wyt ferklomme,
it grien sprekt fan it hoopblêd.