Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Net fergees

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Brief oan ús dochter yn Malawi

Image

Do stiest der dochs allinnich foar,
de berte by dy frou,
it holtsje kaam al foar it ljocht,
do seachst, it kleure blau.

Do draafdest mei it bern, besochtst
it mei beäzeming,
massaazje, want do giest derfoar,
foar dy wie sy gjin ding.

Do seachst, it libben kaam deryn,
dêr wiesto ommers foar,
doe brocht in oars ynstelde frou
har troch de eigen doar.

Image

Do naamst de mem fan fyftjin mei,
sy frege nei har bern,
do seachst doe wer de blauwe skyn,
’t wie net om oan te sjen.

Do stiest der wer allinnich foar,
dy frou dy holp dy net,
de bernedokter kaam ek noch,
mar hat it ek net ret.

Do giest in oere lang noch troch
mei it beäzemjen,
do diest dyn bêst, mar ’t wie fergees,
in libben gie ferlern.

Do stiest der dochs allinnich foar,
wat koest der noch oan dwaan?
Dyn triennen wiene net fergees,
woest oan dat famke jaan.

Image

admin

Skaad

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It skaad rint mei my op,
in reuzestal yn iere moarn
en hâldt dan stil
as ik sis: stop,
twa-ienheid, yn it ljocht bestoarn,
it skaad rint nei myn wil.

It libben rint mei ’t skaad
op ’t moanjend tikjen fan de tiid
en sis ik: stop,
it giet it paad
dat útkomt by ferlerne striid,
ik rin mei ’t skaad soms op.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum