december 12, 2021
fan ûnbekend*
De Frânsen en de Dútsers
libben lang as kat en hûn,
se klauden en se bieten,
nea hat ien foargoed de frede fûn.
De Frânsman woe in liny
mei de namme Maginot,
fersterking fan de grinzen,
dy’t gjin Dútser oerkaam… it wie ho!
It wie in ynvestearring
fan komsa, mar wolkom wie
de bloedhûn net, De Dútsers
kamen mei in strategy dy’t gie…
… troch België, wurdearring
foar de liny wie der net,
’t ferlies wie foar de Frânsen,
dat har lân waard troch de hûn beset.
* Kaartsje ‘Maginot-liny’
december 6, 2021
Venezuela
lân fan sinne,
baaiend yn de oalje, ryk
oan oerwâld mei in wrâld oan dieren,
folk dat wiis wie mei de republyk,
mar dat wie foarhinne.
Venezuela
suchtsjend ûnder
’t skrikbewâld fan elk gelyk,
net learend fan de wrâld fan dieren,
dêrtroch reitsje de ferhâldings bryk,
elk is bysûnder.
Venezuela
oer de grinzen
flechtet folk dat neat mear hat,
wat seit dan noch de wrâld fan dieren?
Grut gelyk, ferlit de republyk,
dy hâldt jim finzen.
Venezuela
net oanlizze
yn stêd Snits, dy leit al fol
mei folk dat neat hat mei de dieren
út ’e frjemdte, jou har fan replyk:
wy ha ’t te sizzen!