Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Op krysttiid oan

Lyrysk Deiboek

De âlde beam kreunt lûder
by berjochten út ’e wrâld
dy’t hieltyd skerper klinke:
‘Telle sil ik hiel it folk,
troch my wurdt mannichien net âld.’

Mar kroane hearsker fan de
hiele wrâld, wol harkje nei
’t berjocht om te fertellen:
‘Net it tellen is it ien
en al, dêr is de ein fan wei.’

‘Jim sille troch de knibbels
gean, de holle bûge foar
it byld fan bûten azem
reitsje, deaden binne tolk
fan… foar in foarst is neat te bar.’

‘Do kroane hearsker troch de
dea, wol sjen it daagjend swurk,
it sein om te fertellen
dat it mei dyn hearskjen dien
is… telle is gjin hieljend wurk.’

admin

Boer en keunst

Lyrysk Deiboek

Wat keare moatten hat de rein,
leit brutsen op ’e weake daam,
hat sa in nije funksje krigen:
tsjillen fan de trekker keare…
de boer hat brûkt syn praktysk brein.

Sjedêr hoe’t grien flokt mei it read,
dêr is de boer noch net op kaam,
hy hat it net foar eagen krigen,
harmony koe him neat leare,
mar efkes fierder by de feart…

… kaam út ’e grûn wat de natoer
seach as in moai model fan keunst,
dat ek de krekte kleuren krige,
harmony lit him net keare,
wat sjocht ek wol de bio-boer.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum