Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

By de dea fan de poes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Op trije fuotten sleepte sy har
fan de koer nei ’t itensboard,
de lamme sturt woe net mear by har,
sleepte mei, sy biet him koart.

Nei wiken soargjen namen wy har
nei de dieredokter mei,
it koe net mear, in spuit woe sy har
ta ha, ’t wie ús yn de wei.

Image

Se dwile wei, it kopke sakke,
wylst har eagen brieken by
ús iepen ’t hert, it hat ús rakke
hoe’t se dêr sa brutsen lei.

Wy lieten har in oere letter
sakje yn de grize klaai,
hoewol’t it grêf koe amper better,
woe it net mear by ús wei.

Image

admin

Ballade fan Lauswolt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wit dat de skiednis sprekke sil
fan trije reuzen yn it lân
fan bosk dêr’t sy mei rûge foet
de stappen sette en mei wil
de balken brekke om ferbân
te bringen oant de ein is goed.

Image

Lit dan it Fryske bloed yn ’t blau
hjoed brûzje troch de hiele lea,
it wolkom sjonge yn Lauswolt
foar trije reuzen yn it nau
fan ’t koetshûs, dêr’t mei brea en bea
it trio nei de ienheid dolt.

Lauswolt, in state fan komsa,
fan adel wie in rike hear,
in Lycklama à Nijeholt;
hy woe De Sweach as wenplak ha,
de keten diene him net sear,
syn hert wie mei blau bloed wol fold.

De iene reus, dy’t boud hie mei
wat balken oan syn earste slot,
him spriek it blauwe bloed wol oan;
hy tocht mei weemoed oan de wei
fan hoe’t de liberale god
syn wyske song op hege toan.

De twadde reus mei ’t reade bloed
beseach it ierdske libben oars,
sa tusken spitkeet en Lauswolt,
it rychjehûs foldie him goed;
as motto hied er: pluk in roas,
dan is in reuzehân gau fold.

Image

De tredde reus, wat lyts fan stal,
fersette gau syn linkerfoet
en kaam sa tusken harren yn;
sa krige elkenien in rol
te spyljen fan wat frij nei froed,
fan blau nei read en myn nei dyn.

Sa waarden reuzen maten yn
Lauswolt, mar sûnder motto noch
foar ’t folk fan rychjehûs en slot;
doe, by in romer reade wyn,
besongen sy ’t ferbûn en sjoch
de bûnsgenoat betsjutte wat.

Lit lang Lauswolt de eare ha
fan ’t ljochtsjend reuzefisioen
en ’t Fryske bloed tsjoch brûzjend op,
wy gean op gouden tiden ta
fan moarnsread oant de blauwe jûn,
hjoed komt de trijekleur yn top!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum