Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Stedske hoanne

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik rin de dei yn dy’t net komme wol,
omdat gjin hoanne no al kraait
fiktoarje oer in stêd dy’t baait
yn ’t falske ljocht en ôffal, bar en fol.

Image

Ik kom foarby de hege magistraat
dy’t hat de hôf-fan-Eden dream,
mar stiet der noch in linebeam
of faget wyldeman dy fan de kaart?

Image

Ik praat mei ’t byld dat op ‘e knibbels leit
en fluorret strjitten stien foar stien:
‘Ik ha dit wurk noch lang net dien,
omdat gjin stedske hoanne hjirnei kraait.’

Image

Ik sjoch de ljochte hoanne op ‘e boarch,
gjin kraaien kin tsjin ’t meunster op
dy’t faget mei syn rouwe rop
en sa de stêd befrijt fan alle soarch.

admin

In beam fan in fint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De winner is bekend,
hy hat de priis fertsjinne,
in etmiel sterke fint,
mar dêr giet it wer hinne.

Image

De ein is wol bekend:
hoe swart de longen binne
en dat er hymjend rint,
in rotte beam fan binnen.

De soerstof komt fan him,
in beam foar djippe siken
dy’t jout it libben stim
en wol foar ’t stof net wike.

De jierren woegen swier
fan soere rein op tûken,
fan binnen swart, in skier
bestean, de ein de fûke.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum