Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Oarloch

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wa soe de kleur fan ’t beamterrein
net prevalearje litte
boppe ’t bûnt geweld fan wei en wein
dêr’t riders mear fan witte?

Image

Se ride moarns de hichte op,
parkeare tusken streken,
auto-eksersysje sûnder rop,
mar wol mei taal en teken.

De taal fan fol is net genôch,
in teken dat ferklearret
oarloch oan it beamterrein dat troch
in strategy skansearret.

Image

De strategy yn unifoarm:
oranje moat nei boppen,
motorseagje, gûle as in stoarm,
de earm leit yn de groppe.

Nij asfalt foar de kleur yn ’t plak,
wy prevalearje weinen,
bûnte glâns fan lak, elk yn syn fak,
dy oarder is in seine.

Image

admin

Yn sliep fersonken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As de dize bringt de tiding
fan ’t ferrinnen fan ’t seizoen,
wurdt de boat oan ’t keatting bûn,
nimt de leechte lang de lieding.

Image

Winterlang yn sliep fersonken,
dreamend alle kanten út
fan de simmersinnetút
en werom fan wetter dronken.

Oan de oare kant fan ’t trekpaad
stiet yn ’t skier de hôfkapel,
stil beskôgjend wa’t yn tel
wie en no net langer meipraat.

Image

Stjerrend wier yn sliep fersonken,
dreamleas wachtsjend yn it neat
op ‘e tiid fan himelfeart,
yn it libben al beklonken.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum