januari 3, 2022
It barde yn de iere moarn
doe’t noch gjin sterveling op paad wie
om’t de dream him wat te sizzen hie,
in oar byld as de lege dyk,
toaniel mei grut fertoan
fan trije reeën dy’t it ryk
betider noch allinnich hiene
foar in wedstriid wa’t it earst
de fiere finish oer wie,
lizzend by de hikkedaam;
doe barde dat ik kaam
en tagelyk in iere fytser
dy’t in dream hie oer it diereryk,
in racebaan as by minsken
op it asfalt fan de Grienedyk;
de wedstriid wie lykwols foarby,
de reeën seagen ’t harren oan
en tagelyk ek ús fertoan
fan hoe’t it mooglik wie
dat werklikheid en dream
wiene oaninoar gelyk.
januari 1, 2022
fan ûnbekend*
It gea fan blauwe marren
mei de hichten yn it rûn
ferhellet fan de romantyk,
sadat gefoelens folop bloeie,
foar de dichters in ûntwyk.
De stêd ha sy ferlitten,
dêr’t besmetting ware rûn,
’t ferhaal dat telt fan ’t âlde jier
de deaden, hjoed om te betinken,
mar de dichters wenje fier.
De mar, in blauwe spegel
foar de fierte, withoefier
foar dichters fan de romantyk,
dy’t sjongend mei de riemen roeie
fan dit jier, net krekt gelyk…
… oan mar ien fêste regel:
strang ferbean is alle sier…
fersier dêrom it nije jier.
* Foto ‘Marregebiet yn Ingelân’