Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ferhalen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It folk dat libbe fan it gean
fan stêd nei doarp en doarp nei stêd,
it hat him deljûn op in plak apart
mei tûzenien ferhalen dêr’t
se hjoed wer mei troch ’t libben gean.

Ik seach him nêst de stoepe stean,
de caravan yn minne steat,
it like suver in ferhaal apart,
dat ik yn byld brocht, neat as bleat,
mar seach ik him dêr dan net stean?

Hy seach my wol en hold my oan,
oft ik soms fan de plysje wie;
no nee, myn koart ferhaal wie wat apart:
ik sei dat ik oan dichtsjen die,
doe seach er my begrutsjend oan.

Image

admin

Politike pappegaai

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It plein stie op dy lêste sneon wer fol
mei kouwen, read en grien en lyts en grut,
foar ’t fûgellokjen; om de wjuk of sturt
wie ’t net, mar om it stimlûd gie it wol.

Yn kloften kamen bûnte fûgels del,
de flappers fuorren har mei lekker foer
fan ‘al jim wjuklam fleanen is straks oer,
de fearren stekke yn in better fel’.

Doe kaam der ek in frije fûgel lâns
dy’t fleurich flein hie oer de hiele wrâld,
troch ’t lokjend fluitsjen waard er waarm noch kâld,
mar ’t skouderfreontsje tocht: Dit is myn kâns!

Hoewol’t er ierdegrien fan fearren wie,
beseach er ’t himelsk wiis: ‘Ik sei net nee
tsjin Fryslâns klopjend hert, de FNP,
wannear’t der gjin partij foar dieren wie.’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum