Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Stielen winter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy is fan stiel en stiet dit jier
mei om him hinne wetter,
tsien jier lyn wie ’t better,
makke hy syn stribjen wier.

Mei stielen wil ried er de tocht
by alve Fryske stêden
lâns koe hy wol rêde,
kaam yn Ljouwert noch by ljocht.

No is er stiif, alhiel ferfield
en komt net by de brêge,
dêr’t yn fûgels’ eagen
iere maitiid ’t gea oerspielt.

Se makken harren nêst by ’t stiel
dat waarmte joech oan ’t wetter,
’t winterwaar komt letter,
as de rider krijt in siel.

Image

admin

Brutsen monumint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat opboud waard yn it ferline,
folle heger as in minskenoas,
om reek te spuien út masines
dy’t bewegend wurken, oars
as earder hûndert minskehannen
foar it deistich brea,
is net troch dynamyt skansearre,
sûnder skea
troch minskehannen segmintearre.

Image

Se steane yn ’t gelid, soldaten
fan it hurde soart, mar achter ’t stek,
fanwege ’t brekpunt dikke maten,
steane sy foar neat en gek,
mar as de kommandanten komme,
sette dy de trend:
segminten wurde sûnder brekken
’t monumint
om fier de hichte yn te stekken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum