januari 31, 2022
As ’t giet om deade dingen
dy’t rekke wurde troch de stoarm,
wa sit dêroer yn noed,
wa slacht dan grut alarm?
In peal kin it net hâlde,
bûcht foar de stoarm de ljochte kop,
wa sit dêroer yn noed?
It skinen hâldt net op.
Sjedêr it hurde plestik,
it is ferjamme in dug-out,
dan streamt it spilersbloed
net mear, it sit goed fout.
It giet om ’t hiele libben:
kondysje, hannel, spul en goal,
as ’t moat ek eigen bloed,
de stoarm slacht op foar boal.
januari 24, 2022
Gjin fûgel ropt it roekoe
oer de weagen fan de Snitser mar,
syn rop klinkt by de Potten,
hy nimt de beammen dus foar kar.
Gjin miuw fljocht nei de pôle
dy’t de namme Roekoe earder hie,
dat eilân is ferdronken,
it wist mei ’t minne waar gjin rie.
Foar him wie stoarm korona,
’t firus dat him deadlik troffen hat,
de ein fan Roekoepôle…
sjedêr wat folle letter bart.
Twa jier gjin skûtsjesilen,
dat de skippers fielden har as wees,
de ein fan de tradysje?
Sjedêr de Roekoepôlerace!