januari 10, 2022
Grize fûgels wjukje oer de ierde:
alfa, delta, omikron
ferbine har mei alle lannen,
ha de pest oan test en prikflakon.
Dizze fûgels hechtsje net oan wearden
fan it lichem en de geast,
mar lizze ’t libben yn de bannen
fan de dea, it âlde noch it meast.
As de âlden noch de hichte sykje,
fine sy de doarren ticht,
klinkt út ’e fierte wei de echo
fan foarhinne: fotum, liet, gedicht.
Foar har eagen wjukje wite dowen
koerend yn it tsjerkekoar,
troch glês-yn-lead begjint de ljochtshow,
elkenien kin troch de iepen doar.
januari 3, 2022
It barde yn de iere moarn
doe’t noch gjin sterveling op paad wie
om’t de dream him wat te sizzen hie,
in oar byld as de lege dyk,
toaniel mei grut fertoan
fan trije reeën dy’t it ryk
betider noch allinnich hiene
foar in wedstriid wa’t it earst
de fiere finish oer wie,
lizzend by de hikkedaam;
doe barde dat ik kaam
en tagelyk in iere fytser
dy’t in dream hie oer it diereryk,
in racebaan as by minsken
op it asfalt fan de Grienedyk;
de wedstriid wie lykwols foarby,
de reeën seagen ’t harren oan
en tagelyk ek ús fertoan
fan hoe’t it mooglik wie
dat werklikheid en dream
wiene oaninoar gelyk.