februari 21, 2022
Leen Bakker koe ’t geweld net keare,
want syn hannel lei op snein ek stil
lykas de stilte foar de stoarm,
dy’t losbriek en gjin pypskoft hold,
hy soe de nacht troch beare.
Se stiene lang al, lykas hearen,
mei de rêgen rjocht en earmen breed
te redendielen oer ’t klimaat,
dat troch de hichte har gjin lêst
besoarge, ’t wie te kearen.
Oant sneintejûn, it koe ferkeare
mei in wynkrêft tsien, in fûle stjit
sloech ta, de hearen kreaken, dit
ferwachte waar waard ien fataal…
Leen koe dêr wat fan leare.
februari 20, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Marsjearje as de Sturmabteilung,
slút jim oan, marsjearje mei,
wy binne mei miljoenen,
swarre trou oan de partij
fan Adolf Hitler, fjurrich Führer,
wy binne wreed as wylde hûnen.
Marsjearje lykas de Schutzstaffel,
slút jim oan, marsjearje mei,
wy binne Hitlers liifwacht,
hûnstrou dus oan de partij
en fiere út wat seit de Führer
mei messen yn de reade liifnacht.
Schutzstaffel tsjin de Sturmabteilung,
nim de lange messen mei,
want yn de nacht sil ’t heve
op befel fan de partij,
ta gloarje fan de skerpe Führer,
om mei SA-ers ôf te weven.
* Foto ‘Sturmabteilung’
** Foto ‘Schutzstaffel’