maart 18, 2022
fan Jan de Bray*
Wa’t de wet jout, wit net yn it foar
de konsekwinsjes fan de regel,
dy’t dochs jildt foar elkenien
en net allinnich foar de oar.
Troubrek kaam yn Grikelân faak foar,
wa seach himsels dan yn de spegel?
Brekkers ha dat selden dien,
sy folgen domwei ’t âlde spoar.
’t Wie Zaleukos dy’t dêr wat oan die,
de wet oer troubrek kriich syn segel:
wa’t net oan de wet foldie,
ferlear de eagen troch dy die.
Doe’t Zaleukos’ soan de trou ferbriek,
wie dat foar heit in grut dilemma,
as famylje wist er rie:
net blyn, wylst ien wol twa kear stiek.
Stutsen waard sawol by heit as soan,
sadat de soan ien each behâlde
koe, hy wie net elkenien,
foar beide kaam it derop oan.
* Jan de Bray (sirka 1627-1697)
Skildering ‘It oardiel fan Zaleukos’
maart 14, 2022
Twa pompebledsjes op ’e i,
it moat dus wol yn Fryslân wêze
dat de Christen Unie him sjen lit
as de partij mei acht gesichten,
mar der is noch mear te lêzen.
It leauwe spilet ek in rol,
soks heart no ienkear by it wêzen
fan de Christen Unie, wat elk wit,
it giet by harren nei de hichte,
mar wol oars, sa kin men lêze.
Yn Súdwest Fryslân leit it oars
mei ’t leauwe fan de kandidaten
fan de Christen Unie, want it sit
sa: nei Súdwest giet harren leauwe
út, dêr is net tsjin te praten.