april 1, 2022
Wêr fiert it spoar ús hinne
op de earste fan april
yn in wrâld sniewyt bedutsen
mei de fierte út it sicht…
hoe lang bliuwt it noch stil?
De wolken foar de sinne
bliuwe hingjen, ’t jout gjin baat
om te tinken oan de simmer,
want dy is noch út it sicht…
hoe komt it mei ’t klimaat?
It spoar fiert nei de fierte,
mar dêr bliuwt it stjerrend stil,
tichtby wurde wy oanlutsen
troch de bloei dy’t komt yn sicht
foar’t folk fan goede wil.
maart 28, 2022
It hat al yn de oanfang spile:
twa is better as mar ien,
ien selskip hâlde jout wat mear
as inkeld troch it libben gean,
dan hat men neat om mei te dielen.
Koe Adam sûnder Eva rinne
troch it paradys? Mar ien
kear hat it op ’e wrâld sa west
dat twa elkoar sa nei stien ha,
mar wêr rûn it úteinlik hinne?
Twa bern, de earste en de twadde
yn de wrâld, gjin paradys
mear, want it libben naam in kear:
de iene stekt der boppe-út,
wat troch de hiele skiednis barde.