april 11, 2022
Malu lit de wenten brekke
yn de spegel fan de Kolk,
de spegel om te skôgjen
it lijen fan it folk.
Lang al binne de giganten
fan de oalje oeral baas,
wylst oarlochsflammen lôgje,
jout flechtsjen wat soelaas.
Malu bliuwt wol feilich lizzen
oan de ketting oant de dei
dat streamt opnij de oalje,
prinsipes steane faai…
… as de winst ferkeart mei machten
op deselde oseaan,
wylst kolket al it wetter
om oer it lân te slaan.
Malu lit him net ferdriuwe
al hoe min ’t derhinne leit,
giganten hawwe ’t better
as ’t folk dat lang al lijt.
april 4, 2022
Hoewol’t se koarte binne
as in amputearre skonk
fan immen op it slachfjild rekke,
sy rikke noch nei boppen,
bliuwe op it eigen honk.
In fûgel fleach dêrhinne,
boude tûk it hege nêst
om solidêr mei har te wêzen;
’t helpt net mei inkeld roppen,
sy bliuwt trou út goederbêst.
Stânfêstichheid sil ’t winne
mei de flecht fan hinne wer,
sadat de griene bloei útbrekke
sil út ’e stam nei boppen…
nei it koartsjen sjoch no dêr!