Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Op ien ein

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat is noch langer iepenbier,
tagonklik foar it folk fan goede wil?
De gong oer strjitte falt net ta
mei tichte harsens fan it bier,
in lege flesse dy’t er smite sil.

Image

Wat is it folgjende stasjon
op ’t dûbelspoar fan dizze maatskippij?
It spoart net dy’t gjin maten ha,
dan mar in buordsje op ’t perron,
it eigen kaartsje hinget der net by.

Image

Wêr raast de lêste trein op ta
mei ’t dûbeleach op it priveeterrein?
In feewein is wol gaadlik sa,
fynt Grutte Broer, hy wol ús ha
dêr’t wy net wêze wolle: op ien ein.

admin

Eagen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De eagen ljochtsje op
troch ’t each dat ljocht útstrielt,
se rjochtsje harren kop,
wa wit hoe’t ljochtsjen fielt?

De skrik om ’t lûdleas skot
dat slacht foar ien tel blyn
of yn it each de spot:
do bûten, wy deryn.

It each is rjochte op
’t beweech fan wyt en swart,
de mazzel of de strop,
wa’t oanfalt en wa’t wart.

Dit each jout it gefoel
fan broer yn ’t lyts en grut;
de lêste hat in doel,
de earste stiet foar skut.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum