Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

A-7

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat seit in boerd yn ’t hege bermgers
grien en hûndertachttjin fier,
sa tusken piipkrûd as in maitiidsfers
befjouwere A-7 hjoed Offenwier.

Image

Mei sizzen krijt men net it antwurd:
wrinzgjend sprong it wylde bist
oer terpen, rjocht de poaten, hals en sturt,
mar bleau doe stykjen, sizzend: ‘Sjoch, dit is ’t!’

Image

Fan fjouwerbaans nei twa nei inkeld
seit it measte fan ’t parkoers:
hy jout as loads troch mannich hege bult
de stille kano’s oan sekuer de koers.

Image

admin

Timpel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Lit ús dwaan de hannen gear
yn ’t lânskip as in timpel
dêr’t de stâlen pylders binne
mei as kapitelen dragend wyt,
de himel sûnder wyn fan lear
en tongerslach as stimpel,
wol de geast fan lit ús hinne
gean sa as de timpel stiet.

De flierren binne klaaid mei ’t giel
fan strielen út ‘e hichte wei,
de wei is hillich foar de siel
dy’t wjukslacht as de iere hij.

Image

Hy hat siedde dat it aai
brekt út yn ’t jonge libben,
stimmen dy’t de grûn besjonge,
fûnemint fan dizze timpelsteat
dêr’t pylders rize út ‘e klaai
as dragers fan de ribben,
fierwei siedzjend ûnberonge
lykas god op boerepleats.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum