Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Blom en minske

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat hat de minske mei de blom,
fan oarsprong stom,
mar sprekkend mei in namme:
tongerblom of hynstepoat,
ien fan de lytse soart
of pinksterblom mei flammen
fan wat de minsken earst
belibben as de geast.

Image

It pearse tongerblomke
bloeit ek wol as hynstepoat
en groeit as wie ’t Lyts Tomke
op in nuveraardich oard,
it hat in plak útkeazen,
rinnend faakris op ‘e non
en op ‘e reus syn learzen
óf hoefizers fan beton.

Image

Mar no de pinksterblom,
wat ljochterpears fan tint,
fanwege ’t feest ek from,
it is de geast dy’t wint,
mar as it hurder waait,
dan krijt er ’t geastkleed om:
de minske dy’t him klaait
as plastic pinksterblom.

admin

Brulloft

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wêrom rôlje nei de fierte
as de bermen lûke wyt
de lichte stappen dy’t
it brulloftsfeest bemjitte?

Image

Brêgelju al lang op jierren,
heger boppe breiden út
as goed is foar in tút
dy’t jûn wurdt no fan fierren.

Image

Mar it resultaat nei ’t frijen
wurdt bemetten nei ferrin
fan tiid mei fleurich sin:
it kin ’t besjen wol lije.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum