Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Revalidaasje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In iendeisflinter op in pealtsje:
sjoch ris nei myn flecht
dy’t flechtich jim in yndruk jout
as foar de bern in spannend teltsje:
‘Juf, is ’t wier wol echt?’

Image

’t Is wier dat yn de rin fan dagen
spanning spuit it swit
út poarjes fan in brutsen lea
dy’t stadich hielje ûnder fragen
dêr’t men swier mei sit.

Image

De swierte wurdt nei wiken lytser,
en it lichte grut,
it wiere teltsje werklikheid
en sjoch, dêr fljocht as flinter fytser
dy’t ta antwurd wurdt.

Image

admin

Hânwurk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wa ha de Snitser grêften groeven
foar ’t de Wetterpoarte rjochtop stie,
hoefolle hannen hawwe blierre
foar ’t Heechein op djipte wie?
It tellen ha se troch de jierren
litten, djipgong troch de die.

De baggerbak driuwt foar de poarte
wylst de skeppebak de drek ophapt,
twa hannen hannelje fan fierren,
ien beweging dy’t it him hjoed lapt.
De foto hat it iepenbierre,
dat de takomst it ek snapt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum