juli 4, 2022
Lit him mar dreame oer potinsje,
want dat is de werklikheid,
syn krêft leit yn wat hinget,
dy’t er trochjout oan it neiteam,
dat is de konsekwinsje.
Gjin keunst, want dêrfoar is er berne,
’t giet him hiel natuerlik ôf,
mei nocht docht hy syn sprongen;
is it klear, dan dreamt er fierder
oer wat net hoecht te wennen.
Syn hoarnen binne om te blinken,
yndruk meitsje op ’t geslacht
dat skruten by him opsjocht;
soargen hat er net oer ’t neiteam,
dat krijt by har wol drinken.
juni 27, 2022
It hat wat fan de finish,
mar it is noch withoefier
foar wa’t de tonge op ’e skuon hat,
’t giet oer asfalt en beton
yn dizze mar-aton.
It sit ferpakt yn plestik:
enerzjy dy’t wjukken jout
om nei de finish ta te fleanen,
frij fan asfalt en beton
yn dizze mar-aton.
Ald sear is achterlitten,
blierren wurdt net mear oan tocht,
wat ôffoel, liket wol op fleanen,
mar gjin draver krijt in bon
yn dizze mar-aton.