Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Dolle

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It sit it minskdom yn it aard
om yn de ierde om te dollen,
sykjend yn de djippe laach
de grûn fan syn bestean, want baat
sit him no ienkear yn de holle.

Image

Hy lûkt de fuorgen yn it lân,
patroan om mei it sied te follen
foar de baat fan ’t eigen laach,
sa hâldt hy it bestean yn stân…
foar miuw, de mûzen en de mollen.

Image

It minskdom libbet net by bou
allinne, wol ek fierder dolle
kranich foar it kanolaach,
natuerlik glidend troch it nau
om ’t hert mei djip gefoel te follen.

admin

Droegjende wyn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Kin ien de blierren fiele
fan it skeppen ieuwen lyn,
it swit dat droege op ‘e wyn
en jûns de soargen diele
om de terp, de hichte yn?

Image

De terp hat it fernommen:
wûnen djipper as in blier,
de âlde lea gie withoefier,
ferstruid oer gers en blommen
as it middel foar de tier.

Gjin skeppe sil mear smite
as it lân feroarje moat,
de fiem is hjoed de dei te koart,
it blêd wol net mear bite
om’t it lang gjin breedte hat.

Image

Mei fingers oan de knoppen
lûkt de earm de bak deryn,
ferskept yn ien kear meters klyn,
it ûnderste komt boppe
en it droegjen docht de wyn.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum