Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Frjemde fûgels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sa tusken mar en poel,
ferskûle yn it reid,
stiet jierren al de fûgelhut,
mar sis mei watfoar doel
it libben dêr wat seit
sa tusken kop en sturt.

Image

Wiid iepen stiet de doar
foar folk dat leaver leit
as dat it fûgels fleanen sjocht:
de hut dy is derfoar
sa as de hoanne kraait
en ’t hintsje iependocht.

Image

De fûgels sjogge ta
op al dat lizzend wurk
fan frjemde fûgels yn har hut,
mar bûten is it sa:
gjin fûgel yn it swurk…
wat hat de hut foar nut?

admin

De bok

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It taasten nei de prehistoarje
ropt de megabylden op
fan meunsters yn it prehumane gea
dy’t balten fjurrich har fiktoarje
lang troch hals en hege kop,
mar allegearre binne dea.

Image

It libben yn it postmoderne
ropt de nije bylden op
fan meunsters yn it posthumane gea
dy’t har perfoarst wol rêde kinne
mei in stielen robotkop,
want alle minsken geane dea.

Image

Wat bliuwt lykwols yn alle tiden,
is de driuw om te bestean,
as ’t kin yn ’t ljocht fan it ultime lok;
sjedêr, wat kin it bist ús biede:
libido sil nea fergean,
want heech op poaten stiet de bok.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum