mei 30, 2022
Ik sit hjir op in pompeblêd,
te licht om te ferdrinken,
want de holle rekket leech
fanwege meditaasje,
dêrom riist dy rap en heech.
Wy sieten ek, mar wol te swier
fan moed om drûch te bliuwen,
wa komt dan noch sels oerein?
Mei help fan argewaasje
wurde wy telider slein.
Ik bin de ien en do de oar,
tegearre ha wy fochten
om wer op dit blêd te stean;
wy hâlde ’t krekte lykwicht,
wat de kearn is fan ’t bestean.
mei 23, 2022
Wannear’t it reid de plom ferliest
en nei it kâlde wetter bûcht
om oan te jaan: de bloei hat west,
’t kin wêze dat de poel befriest,
dan slacht de dea foar master op.
Mar sjoch, de master slacht gjin acht
op wat de keunst it bieden hat,
dêroan hat hy perfoarst de pest,
ferliest troch har syn neare macht…
de froulju rjochtsje harren op.
Sy ha in boadskip foar it folk
dat tryst de holle hingje lit:
‘Wy jouwe út in manifest
en binne fan de keunst de tolk,
jou jim ek bleat, dat tilt dy op.’