Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Wiffe keunst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De wiete waarmte streake ’t fjild
en as in hoants yn maitiidstwirre
hat it kleuren nei de hichte tild,
troch gjin klimaatferskil beswierre.

Image

It streakjen gie nei ieuwen oer
yn ’t bearen fan it hjerstich jeien
as feroaren beammen yn de hoer
dy’t bûge moast yn ’t hetsich waaien.

Image

Wat bliuwt der fan de nachtrûs oer
oars as in fûgel yn ’t ferfearjen,
’t ramt tsjin ’t blau, mar sûnder stjoer en doer,
wol wiffe keunst om te wurdearjen.

Image

admin

Dieredei 2008

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se binne har as bern,
de bûnte en de swarte
ha de dei troch boarte,
lokkich sa te sjen.

Ik seach him yn it lân,
hy swalke dêr allinne
troch de dagen hinne,
lokkich sûnder bân.

Sa swalke ik de wei
bylâns en seach de trije
liken nei it lijen
op ‘e dieredei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum