mei 9, 2022
Sy hat it no al wûn
mei ’t sitten op in peal:
it giet fan dei nei nacht,
de nacht rint nei de dei,
sy hâldt altyd de wacht.
Sy wachtet oant de jûn,
dan giet de kleur ferlern
en slacht sy net mear acht
op wat it grien har sei:
‘Do hast de hoop yn pacht.’
Sy hâldt de hoop foargoed;
al wurdt it nachts ek stil
en giet de kleur ferlern,
sy nimt it deiljocht mei,
kin nachts de hannen sjen.
Sy jout dêrmei de groet
fan iepen sit ik dei
en nacht foar ’t freegjend folk
mei langstme nei de wei
fan hoop… ik bin de tolk.
mei 2, 2022
Fyts of brom der net trochhinne,
wat fersteurt in pril gelok,
it is ferbean om jacht te meitsjen
op ’e guozzen, lit se feilich rinne.
Rinne om fan ’t gers te fretten
yn de berm, deun by de dyk,
se litte it har lekker smeitsje
sûnder har te steuren oan ús wetten.
Wa ferbiedt har om te lizzen
aaien folle net genôch?
Se sille oer har berntsjes weitsje,
oer it tal ha âlders it te sizzen.
Sjoch ris hoe’t sy dêr no swimme,
dûbelop as pril gelok,
se kinne om it frjemd gean laitsje,
sille moarn wer by de wâl opklimme.