Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Meanende muontsen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik fiel de frijheid fan de fierte,
tink hjir bin ik bern oan hûs
en kin it frijút fleane litte
lykas Niels fier op syn goes.

Hy hoecht de fierte net te mjitten,
sjocht it doarp yn boartersljocht
en mei de namme Tirns ferjitte
as syn goes mar fierder fljocht.

Hoe kin ik frijút fierder fleane
as de swierte oan my skuort
fan muontsen dy’t noch altyd meane
Thabors gers en sûnden fuort?

Image

admin

Sjouwfeur

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Syn âlde pake gie him foar
mei ’t fleurich sjouwen oer de wei
op ’t ritme fan syn hûnekarre;
Simen song, sy blaften yn it koar,
om’t yn de sjou har libben lei
en boppedat moast hy noch barre.

Image

En âlde beppe bleau by hûs
en hear en gie har eigen wei
al like fleurich, want syn Lyske
hie de soarch oer mannich doarpske poes,
om’t yn dy sjou har libben lei
en ’t wie noch lichter mei in wyske.

Image

Hy baude âlde pake nei
en ried de wrâld troch as sjouwfeur,
mar die dat op syn eigen wize:
mannich hûn en kat kaam op syn wei,
wa’t remme, wie gjin goed sjauffeur
en boppedat hie hy Denise.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum