juni 20, 2022
Wa kin de skiednis fan de streaming
fan stêd Troje nei it Amelân?
It houten hynder yn de haadrol
spielde stikken op it strân.
It hynder kaam yn de beneaming
foar in oanfal op de sterke stêd,
Trojanen kraaiden al fiktoarje,
mar de Gryk wie har te glêd.
Wa kin de rjochting fan de seestream
fan stêd Troje nei It Amelân?
De stikken fan it houten hynder
spielden op de heks har strân.
Se pasten yn de heks har steekream
op it fiere Amelanner Oerd:
in hynder om de striid te winnen
op it eilân sûnder bloed.
Dit is de skiednis fan de streaming
dêr’t de heks fan ’t Oerd hie part en diel
oan, want sy makke fan de stikken
op ’e nij en grut gehiel.
juni 13, 2022
De koppen bûgd, de jaren leech,
se ha krekt miigd en skiten,
fiele oan wat letter komme kin,
neat is har te ferwiten.
De ploech wie earst noch net sa grut,
it rûn dêrnei nei tachtich,
mar it wie de baas noch net nei ’t sin,
him waard it net te machtich.
De bekken rinne oer fan stof
om oeren oer te praten,
stikke foar syn tiid wol net in bist,
elk hat it yn de gaten…
… hoe oft it lân derhinne leit
mei Ingelsk raai en stikel,
stikke kinne flinter en ynsekt,
gjin wrotmûs en gjin wikel…
… begjinne mear oan neigeslacht,
ta stof wurdt wa’t jong stjerre,
stikken giet wat net mear groeie kin…
wurdt bloei noch wol wurdearre?
De koppen bûgd, de jaren leech,
wat kinne sy ferwachtsje?
Frette, skite, mige ha gjin sin,
de slachter sil har slachtsje.