Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Stedsbehear

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se foelen op dêr ûnder ’t grien
fan beammen sûnder blêdôffal,
oranje boppe, blau derûnder,
sa marsjearren se as ien
fan sin, it rûn dy dei foar wûnder.

It gie foarearst oer ’t Hearrenfean,
mar ’t foel har ôf hoe’t it ferrûn,
de trainer… ’t koe der ek wol sûnder,
mar dy froulju wiene sûn
en nei it sin, it rûn foar wûnder.

De stoepe, ’t fytspaad en de berm,
gjin sniper sûnt har strang behear,
se hiene flink de wyn derûnder,
sekjerinne wie de term
foar harren wurk en ’t rûn foar wûnder.

Image

admin

Heilbringer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As ik myn plak op ’t beaken ha,
dan praat it minskdom oer dat kring
dat wol wer op ’t ekstreme ta,
hy is ’t dy’t ús it ûnheil bringt.

Mar ik bring inkeld ’t boadskip oer
fan skiere loft mei read deryn,
dan is ’t noch mar in koarte doer
of ’t komt safier: in knoarre wyn.

En altyd stean ik wer fersteld
dat ’t minskdom nei myn boadskip heart,
orkaanbestindich ark bestelt,
my tinkt ’t moat komme út ‘e stêd.

It beaken stiet dan kabelfêst
as wie it myn idee, no sa,
ik bring it heil út goederbêst
en flean nei ’t oare beaken ta.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum