augustus 1, 2022
Ik stek de tomme hjoed net op,
kin better skuld bekenne
oan it fûgeltsje dat tomke hjit,
ferwitend klinkt har rop.
De rôle sette ik rjochtop,
sa koe dy better rôlje,
want ik wist fan tomke noch har nêst,
noch klinkt har skerpe rop.
Ik rôle ’t ding wat fierderop,
hie neat noch yn de gaten,
mar ynienen seach ’k it rûne gat,
doe hearde ik har rop.
It nêst hong nuver op ’e kop,
gjin aaike rôle fierder
as de râne, mar it tomke fleach
wol fuort, fier klonk har rop.
Ik lit my hjoed net bûten sjen
en rôlje ek net fierder,
want myn tomme seit it romke neat…
’k bin moardner fan har bern.
* Foto ‘De rôle’
** Foto ‘Nêst mei aaien’
juli 25, 2022
Korona lei it spul faak plat,
wat wie der dan noch om te spyljen,
fluitsje liet gjin lippe ta,
gjin wize klom de hichte yn,
korona dreau mei ’t folk de spot.
Mar dit jier komt it folk oerein,
it hoecht gjin spul mear te ferbyldzjen,
want it rint no ienkear sa
dat lizzen bliuwe is net yn,
men moat derút, leafst mei de wein.
En wurdt it nacht, dan komt op ’t dak
in tinte om heechop te lizzen,
klimme is der dan ek by
en fluitsje nei in djippe snoark,
de hichte is dêrfoar it plak.
* Foto ‘Sliepe op it dak’