oktober 3, 2022
De hjerst driuwt donker oer it gea,
hoewol’t de wolken noch opljochtsje
yn de spegel fan de brede sleat,
it stee om by elkoar te kommen
sûnder om in eigen plak te fjochtsjen.
De einen driuwe stadich fuort
as kollektyf dat it net sitten
sjocht om no al op ’e flecht te gean,
sy sjogge minsken ’t leafst net kommen,
genen litte har de jachttiid witte.
De swanne-genen jouwe oan
de halzen ’t sein om op te stekken,
is ’t net om de minsken, dan om: hjir
is ’t plak om ta ús rjocht te kommen,
oan opljochtsjen sil it net ûntbrekke.
september 26, 2022
Wa soe dit fredich gea fersteure
yn de moarntiid fan in kleare dei?
Allinnich stilte lit him hearre,
gjin krie dy’t ien de wacht oanseit.
Wa soe dan oer in ynbraak seure,
wa of wat brekt yn dit lânskip yn,
wa soe de stilte hjir bedjerre?
Gjin krie dy’t strang de septer swaait.
Sjedêr hoe’t Cam dit gea bewekket
mei it each op markol, goes en ein,
gjin fûgel sil te ier hjir stjerre,
de krie wit ek dat Cam skerp draait.
Gjin jager dy’t in fûgel rekket,
want Cam krijt him daliks yn it each,
syn dei is dan folslein mislearre,
úteinlik wint Cams skot it pleit.
* Foto ‘Poel by de Grienedyk’
** Foto ‘Kamerabewekking’